Fragen FNP oer soarchfraude by soarchoanbieders yn Fryslân
HEARRENFEAN - Yn de Ljouwerter Krante fan sneon 1 novimber stiet in artikel dêr’t yn steld wurdt dat yn Fryslân jierliks sa’n 76 miljoen euro oan soarchjild yn de bûsen fan kriminelen en fraudeurs ferdwynt.

CDA-wethâlder Eugène van Mierlo út Almelo beskriuwt hoe’t yn Twente in hurde oanpak plakfynt troch middel fan standert Bibob-toetsen by soarchoanbieders. Ut it artikel docht bliken dat Fryske gemeenten, wêrûnder Hearrenfean, dizze toets net standert útfiere. Sjoen de omfang fan de neamde bedraggen en it risiko op misbrûk fan publike middels, hat de FNP de folgjende fragen oan it kolleezje.
1. Herkent it kolleezje it byld dat alle jierren miljoenen oan soarchjild yn Fryslân yn ferkearde hannen bedarret?
2. Binne der sinjalen of konkrete gefallen bekend fan soarchfraude of misbrûk fan soarchjilden binnen de gemeente Hearrenfean?
3. Hantearret de gemeente Hearrenfean op it stuit in standert Bibob-toets by (nije) soarchoanbieders binnen de Wmo en de Jeugdwet?
4. Sa nee, wêrom net?
5. Is it kolleezje ree om – nei Twintsk foarbyld – standert Bibob-screening ta te passen by oanbestegings en subsydzjerelaasjes yn de soarch?
6. Hoe sjocht it gemeentlik tafersjoch op soarchoanbieders der op dit stuit út?
7. Wurdt gearwurke mei oare gemeenten, soarchfersekerders of it RIEC (Regionaal Informatie - en Expertisecentrum) om malafide oanbieders te kearen?
8. Op hokker wize wurde sinjalen fan fraude of misbrûk oppakt en ûndersocht?
9. De Twintske wethâlder Van Mierlo warskôget dat soarchkriminelen dy’t yn Twinte keard wurde, op oare plakken yn Nederlân opnij aktyf wurde. Hoe foarkomt Hearrenfean dat sokke oanbieders har hjir fêstigje?
10. Oerweagje it kolleezje oanfoljende maatregels om de yntegriteit fan soarchoanbieders te boargjen, bygelyks troch beliedsregels of feroarderingen oan te passen?
11. Is it kolleezje ree om yn regionaal of provinsjaal ferbân te pleitsjen foar in mienskiplike oanpak, lykas Van Mierlo foarstelt?












