Algemeen

It Bernetreintsje yn It Hearrenfean ferlinget it sertifikaat foar twatalich wurkjen

Door: Dennis Stoelwinder

HEARRENFEAN - It Bernetreintsje yn it Hearrenfean hat op ‘e nij it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ helle. Dermei ferlinget de lokaasje foar de 4e kear it sertifikaat foar twatalich wurkjen.

It Bernetreintsje yn It Hearrenfean ferlinget it sertifikaat foar twatalich wurkjen
It Bernetreintsje yn It Hearrenfean ferlinget it sertifikaat foar twatalich wurkjen Eigen foto

It Bernetreintsje is in partikuliere opfang wêr ‘t sy wurkje mei in taalbelied dêr’t it Nederlânsk en it Frysk bewust omtinken yn it deistige program krije. Dizze wurkwize stimulearret de twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern sa optimaal mooglik. 

Jitske, Tiny en Mirjam binne de fêste pedagogysk meiwurkers op It Bernetreintsje. Alle trije pm’ers brûke de Fryske taal op ‘e groep en wurkje al jierren mei it twatalich belied. 

Binnen it aktiviteiten oanbod is foar beide talen bewust en rom oandacht. Dat bart bygelyks troch it foarlêzen fan sawol Fryske as Nederlânske boekjes en it sjongen fan ferskes yn beide talen. 

Fisitaasjekommisje

Der hat in fisitaasjekommisje op de opfang yn It Hearrenvean west te sjen. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling. De kommisje skriuwt yn har rapport oer It Bernetreintsje: 

Der is in soad positive, leafdefolle oandacht foar elk bern. Pm’ers kinne in goeie balâns fine tusken it romte jaan oan bern om harren sels te ûntwikkeljen en it stimulearjen wêr nedich.

Wat hjirby opfalt is dat der op in hiel natuerlike wize omgien wurdt mei it ferskil yn âldens en ûntwikkeling. Der wurde prachtige boekjes makke by in tema. De tekst fan in besteand boekje wurdt oerset yn it Frysk, dizze tekst plakke se by yllustraasjes dy’t op alderhanne manieren troch de bern fersierd wurde. Sa krije de bern in selsmakke boekje mei nei hûs dêr’t ôfgeand op de entûsjaste reaksjes thús graach út foarlêzen wurdt.

By it sertifisearringstrajekt kriget It Bernetreintsje begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 270 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.