Bernedeiferbliuw “It Bernetreintsje” fan It Hearrenfean behellet opnij sertifikaat “boartsjendewei in taal derby”
HEARRENFEAN - Bernedeiferbliuw It Bernetreintsje fan It Hearrenfean wurket sûnt 2009 mei in twatalich taalbelied.

Yn it ferline hawwe sy dêr it sertifikaat “boartsjendewei in taal derby” foar behelle. Dat betsjut dat sy neffens in oantal rjochtlinen wurkje en sa de twatalige ûntwikkeling fan bern stimulearje. Op It Bernetreintsje is in soad omtinken foar it Frysk. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk.
Yn maart hat der op It Bernetreintsje in besite west fan in provinsjale fisitaasjekommisje, om te besjen oft der noch altyd wol neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. Dat wie it gefal, it bernedeiferbliuw is op ‘e nij slagge en it sertifikaat wurdt wer foar trije jier ferlingd. Dêr binne sy hiel bliid mei. It Bernetreintsje is op dit stuit it ienige bernedeiferbliuw op It Hearenfean dy’t dit sertifikaat behelle hat. Yn hiel Fryslân wurkje sa’n 275 berne- en pjutte-opfang lokaasjes mei in twatalich belied.
Jitske Dijkstra is de eigner fan It Bernetreintsje. Se wurket tegearre mei pedagogysk meiwurkster Anouschka Louwes. Sy binne húsfeste op It Hearrenfean, oan it Stasjonsplein. It Bernetreintsje is in lytsskalich bernedeiferbliuw, dêr’t maksimaal 10 bern tagelyk opfongen wurde. Mear ynformaasje oer It Bernetreintsje en oer meartaligens kinne jo fine op www.itbernetreintsje.nl en op www.sfbo.nl.












