Politiek

Lokale fraksjes FNP skriuwe brief nei steatssekretaris oer Lelyline

Door: Dennis Stoelwinder

FRYSLAN - De Lelyline. Foar de ien is it dé kâns om it noarden te ferbinen mei de Rânestêd en foar de oar is it in stikel yn it each. Hoe dan ek: de Lelyline is in ûnderwerp dêr’t mannich FNP-er wol in miening oer hat.

Lokale fraksjes FNP skriuwe brief nei steatssekretaris oer Lelyline
Lokale fraksjes FNP skriuwe brief nei steatssekretaris oer Lelyline Eigen foto

Ein septimber is der út namme fan ferskate FNP-ôfdielings in brief skreon nei Dhr. Jansen, steatssekretaris fan iepenbier ferfier en miljeu. Yn dizze brief uterje de fraksjes harren soarch oer de mooglike negative gefolgen fan de komst fan de Lelyline en wurdt de Fryske Paradoks ûnder de oandacht brocht.

De Fryske Paradoks sketst in opmerklike tsjinstelling: ekonomysk sjoen leit Fryslân efter op oare provinsjes mar Friezen skoare heech as it giet om wolwêzenyndikatoaren as gelok en sûnes. Mei oare wurden: ekonomyske groei is net needsaaklik foar in heger wolwêzen. Wêr’t de Fries trochgeans gelokkiger fan wurdt is de rêst, de romte en it sterke mienskipsgefoel. Sin en wille is mear as jild yn’t bosk en iepen fjild, sis mar.

De komst fan de Lelyline soe net allinnich dizze unike kwaliteiten fan Fryslân oantaaste mar soe ek liede ta desastreuze feroarings en ûnwerstelbere skea yn it lânskip en de libbensomjouwing. De ferwachte ekomyske foardielen moatte soarfâldich ôfwogen wurde tsjin de mooglike negative ympakt op it wolwêzen fan de ynwenners. En wêr’t de Rânestêd in grien hert nedich hat, hat Nederlân ferlet fan griene longen as Fryslân.

De ynstjoerders fan dizze brief lizze ek de finger op in oar sear plak rûnom de Lelyline: it jildtekoart. Der wurdt no al oansjoen tsjin in tekoart fan mear as 10 miljard. Ek fanút de oerheid binne der hieltyd gruttere soargen oer de helberens.

Al mei al is de oanlis fan de Lelyline in plan mei sa’n soad obstakels dat it de fraach is of dit noch wol de muoite (en al dat jild) wurdich is. Dat jild soe ek brûkt wurde kinne om besteande Fryske ynfrastruktuer te ferbetterjen. Mar goed, dat is mar de beskieden miening fan in pear nochtere Friezen.

De brief nei de Steatssekretaris is ferstjoerd út namme fan:

Gerda de Vries, fractievoorzitter FNP gemeente De Fryske Marren

Ate Eijer, fractievoorzitter FNP gemeente it Hearrenfean

Freddy de Haan, fractievoorzitter FNP gemeente Tytsjerksteradiel

Bert Vollema, fractievoorzitter FNP gemeente Waadhoeke

Tsjerk Bouwhuis, fractievoorzitter FNP gemeente Súdwest-Fryslân

Fedde Breeuwsma, fractievoorzitter FNP gemeente Noard East Fryslân

Harm de Jong, fractievoorzitter FNP gemeente Opsterlân

Jan Willem Tuininga, fractievoorzitter FNP gemeente Ljouwert

IJde van Kammen, fractievoorzitter FNP Gemeente Achtkarspelen

Ferry van der Ploeg, fractievoorzitter FNP gemeente Dantumadiel