FNP wol nij belied foar lytskalige bouwurken
HEARRENFEAN - De fraksje fan de FNP yn de gemeenteried fan It Hearrenfean freget it kolleezje om in oanpassing yn it belied oangeande de heffing fan leges foar lytsskalige bouwurken.

It doch bliken dat foar it delsetten fan de saneamde deelkosten in soad jild betelle wurde moat. In deelkast (ek wol buertkast, weijoukast, of miny-bybkast neamd) is in kast dy’t yn in buert of op in sintraal plak delset wurdt, dêr’t minsken guod yn sette kinne dat se sels net mear nedich hawwe, en dêr’t oaren fergees wat út meinimme meie.
Der wurde net allinnich leges frege mar ek moatte initsjatyfnimmers in omjouwingsfergunning oanfreegje en moat der ek betelle wurde foar it foaroerlis mei de gemeente oangeande it delsetten fan in Deelkast. Neffens de FNP moat dit belied bystelt wurde en moatte dit soart bouwurken boufergunningsfrij oanmerkt wurde . De fraksje hat hjiroer fragen stelt oan it kolleezje.
Fragen oan it kolleezje:
Acht kolleezje, yn july fan dit jier hat de ried in brief (ID4293) fan in ynwenner fan Nijhoarne krigen wêryn hy syn ferbasing útspruts oer it belied fan de gemeente It Hearrenfean oangeande lytsskalige inisjativen. De Stichting Doarpshelp Ald- en Nijhoarne hat yn jannewaris fan dit jier in Dielkast pleatst yn it doarp. Minsken dy’t it net sa rom ha kinne gebrûk fan meitsje fan dizze kast trochdat minsken dy’t wat misse kinne en wolle kinne dit yn dizze kast lizze
Yn jannewaris hat Doarpshelp Ald- en Nijhoarne dizze Deelkast (buertkast) pleatst om minsken mei in smelle ponge te helpen. De kast is sûnder gemeentlike subsydzje beskikber steld troch ynwenners fan de twa doarpen en opkreaze troch leden fan it bestjoer fan Doarpshelp.
No docht bliken dat it delsetten fan in kast net samar kin omdat it delsetten fan in deelkast besjoen wurdt as in bouwurk en dat hjirfoar in fergunning oanfrege wurde moat mar boppedat der ek noch kosten oplein wurde foar it oerlis tusken oanfragen en de gemeente.
De FNP hat nei oanlieding fan dizze brief in oantal fragen:
1. Is it kolleezje bekend mei it inisjatyf fan de stichting Doarpshelp Ald- en Nijhoarne.
2. Is it kolleezje it mei de FNP iens dat inisjativen sa as it delsetten fan deelkasten stipe fan de gemeente krije moatte?
3. Is it kolleezje it mei de FNP iens dat foar dit soarte inisjativen in regeling betocht wurde moat sadat de inisjatyfnimmers fan sokke inisjativen net mei leges en oare kosten opsadele wurde?
4. Ut antwurden op brieven docht bliken dat der op dit momint wol neitocht wurdt oer mogelike oplossingen mar dat dit op koarte termyn net mooglik is sa docht bliken op in reaksje op fragen fan út Nijhoarne wêryn frege wurdt om kwytskelding.
“Helaas is er binnen de huidige legesverordening geen ruimte voor verlaging of kwijtschelding voor leges. Ook niet wanneer het - zoals in dit geval - om een gewenst sociaal-maatschappelijk initiatief gaat. Uw vraag heeft wel in gang gezet dat we intern gaan kijken of we de verordening moeten aanpassen voor dit soort gevallen. Dat is echter een lange termijn verhaal, waar u nu niet mee geholpen bent. Maar uw verzoek wordt dus afgewezen.”, sa stelt de gemeente
Wat is de reden dat in oanpassing fan de regeljouwing/feroardering sa lang doarje moat?
5. Wat kin en wol it kolleezje der oan dwaan om de feroardering sa oan te passen sa dat inisjativen sa as yn Ald- en Nijhoarne net opsadele wurde mei ekstra kosten?
6. Hoe kin de stichting Doarshelp Ald – en Nijhoarne op koarte termyn kompensearre wurde foar de makke kosten?












