Fragen FNP oer Didam saneamde arrest
HEARRENFEAN - Yn de LC fan woansdei 9 febrewaris stiet in grut artikel oer herstel grûnferkeap yn de gemeente Ljouwert.

It doch bliken dat ferskillende gemeenten yn Nederlân te krijen ha mei it saneamde Didam arrest. Hjiryn is fêststelt dat gemeenten by de ferkeap fan grûn of gebouwen ferplicht binne om dit yn in ier stadium bekend te meitsjen sa dat elkenien dy’t belang hat by de grûn of it gebou in kâns makket. Wêr dat net bart is moat dit herstelt wurde. We ha hjiroer in oantal fragen:
- Is it kolleezje bekend mei it Didam arrest?
- Hat dit arrest ek gefolgen foar de gemeente Hearrenfean?
- Sa ja, om hoefolle ferkeapen fan grûn en of gebouwen giet dit?
- Sa ja, wurde der al stappen set om wol melding te dwaan fan de ferkeapen dy’t net foldogge oan it Didam arrest
Kamera’s
It docht bliken dat der yn Nederlân meardere gemeenten binne wêr’t mei kamera’s wurkje fan Chinese makkelij. Der is no nei oanlieding fan in artikel yn Follow the Money diskusje oer mooglike misbrûk fan dizze kamera’s en de kamera’s soene troch bûtenlânske ynlichtingtsjinsten misbrûkt wurde kinne.
De FNP har nei oanlieding fan dit berjocht de folgende fragen:
- Is it kolleezje op de hichte fan it artikel oer de kamera’s yn Follow the Money?
- Hingje der yn de gemeente Hearrenfean ek kamera’s fan de merken Hikvision en Dahua?
- Binne dizze kamera’s yn eigendom fan de gemeente Hearrenfean?
- Sa ja, wurdt der ek oerwage om dizze kamera’s te ferfangen troch kamera’s fan oare leveransiers?
Rookmelders
Op 1 juli 2022 is it ferplicht dat op elke ferdjipping yn elke wenning yn Nederlân in optische rookmelder ynstallearre is.
Dit jild foar nije wenningen mar ek foar besteande wenningen.
Foar de measte minsken sil dit finansjeel gjin problemen opleverje. Mar foar minsken dy’t it finansjeel dreech ha, kin dit wol in probleem wêze.
De FNP hat hjiroer in oantal fragen:
- Is der yn de gemeente Hearrenfean in regeling foar minima foar oanskaf fan rookmelders?
- Sa nee, oerwaacht it kolleezje om hjirfoar wol in regeling te betinken?
- Sa ja, wannear wurdt dit mei de ynwenners kommunisearre?












