Politiek

Soarch FNP oer kollektive soarchfersekering

Minister Bruno Bruins fan Medische Zorg en Sport wol foar 2020 in ein meitsje oan dizze regelingen. No al ha ferskillende soarchfersekerders oanjûn dat se al mei 1 jannewaris 2019 stopje wolle mei it oanbod fan kollektive soarchfersekeringen.

Afbeelding
HEARENFEAN - De FNP yn de gemeente Hearrenfean makket him soargen oer de takomst fan de kollektive soarchfersekering.

De FNP hat nei oanlieding fan dizze ûntwikkelingen in oantal fragen oan it kolleezje stelt. Se wol graach witte oft dizze ûntwikkeling ek gefolgen hat foar de kollektive soarchfersekering dy’t de gemeente Hearrenfean ôfsletten hat foar de minima. Wannear dat sa is wol se fan it kolleezje graach witte oft der ek plannen binne foar oanpaste regelingen wannear soarchfersekerders yndied stopje mei de kollektive fersekeringen. Ek wolle de FNP yn Hearrenfean dan graach in oersicht fan de kosten.

“It giet ommers om de minsken dy’t elke finansjele stipe brûke kinne”, sa stelt fraksjefoarsitter Ate Eijer.

Afbeelding