Politiek

Skriftlike fragen FNP oer de Commandeurstrjitte op it Hearrenfean

De Commandeurstrjitte op It Hearrenfean is in lytse strjitte mei oan de iene kant wenningen dy’t falle ûnder de kategory sosjale wentebou en oan de oare kante fan de strjitte in oantal gebouwen mei maatskiplike doeleinen. Bygelyks de St Jozef basisskoalle, ferslavingsoarch Noord Nederlân, in berne-opfang en it eardere gebou fan de baptistengemeente Elim. De strjitte rint dea. Ferkear dat de strjitte yn giet moat der op deselde kante wer út. Dit jild foar it bringen fan de bern nei de skoalle mar ek foar wurkferkear dat op it stuit de strjitte brûkt foar oan en ôffier fan de bou fan wenningen op de lokaasje Breedpad. De strjitte stiet dan ek regelmjittich fol mei auto’s en ek is der in soad hin en wer ridend ferkear. Skoallebern wike dêrtroch út nei de stoep wêrtroch de gefaarlike situaasjes ûntstean kinne.

Afbeelding
HEARRENFEAN - De FNP fraksje fan de ried fan Hearrenfean hat skriftlike fragen oan it kolleezje stelt oer de Commandeurstrjitte op it Hearrenfean. De FNP konkludearret dat de omjouwing fan de strjitte te krijen ha mei allegearre ûntwikkelingen en de fraksje freget hat ô f of it gebiet net te folle belest wurdt.

De baptistengemeente hat har gebou, op de hoeke fan de Commandeurstrjitte en de Tuymelaarstrjitte, foarich jier ferkocht oan in ûntwikkeler. Dizze hat it gebou ferhiert oan Friesland Begeleid Wonen, in soarch organisaasje ,dy’t op dizze lokaasje in foarsjenning foar begelied wenjen ûntwikkelje wol It giet om 8 units foar minsken dy’t, sa stiet op de website fan de organisaasje, tusken de wâl en it skip drige te kommen. Foar dizze nije wengroep komt gjin 24 oers begelieding. Tusken 22.00 oere en 9.30 sil der allinnich in telefoanyske helptsjinst wêze sa docht bliken út it ferslach fan de ynformaasje jûn fan 22 febrewaris.

Taheakke de fragen fan de FNP : 1 Is der by de gemeente foar it de Tuymelaarsstrjitte 2 op It Hearrenfean, it eardere gebou fan Elim’ in fergunning oanfrege om it gebou geskikt te meitsjen foar wenromte? 2 Wat is op dit stuit de status fan dit gebou yn it bestimmingsplan? 3 Wat is de stân fan saken oangeande dizze fergunning oanfraach? 4 Giet de oanfraach om wenromte foar minsken mei 24 oers yndikaasje mei 24 oeren deis begelieding of is de oanfraach foar reguliere bewenning? 5 Is it kolleezje it mei de FNP iens dat de druk op de Commandeurstrjitte troch de ferskate ûntwikkelingen fan de lêste jierren heech is? 6 Is it kolleezje it mei de FNP iens dat de belesting op dit gebiet mei de besteande aktiviteiten, wenjen en maatskiplike organisaasje heech genôch is? 7 Wurdt dit aspekt fan belesting op dit gebiet ek meinaam by it eventueel ferlienen fan in nije omjouwingsfergunning foar de Tuymelaarstrjitte nr 2? (It offisjele adres fan it earder Elim gebou.)

Afbeelding