FNP is “Grutsk’ op de gemeente Heerenveen
HEARRENFEAN - “By ús yn de regio ûntstiet in nije wrâld eins alle dagen. Yn Fryslân jouwe we elkoar de romte. Dat makket ús frij, mar ek eigen. Miskien klinkt dit hiel nochtern: it is alle dagen gewoan dwaan.

Us wize fan wurkjen en libben betsjut betrouwen jaan en koarte lyntsjes. Soms binne we direkt, mar dat is wol sa dúdlik. Wy binne oanpakkers dy’t saken graach sels mei-inoar dogge. Moaie dingen meitsje, opnij brûke en trochjaan. Dat is njonken goedkeaper, ek folle leuker. Omdat betrouwen ús basis is, is ús takomst iuwen âld. It Hearrenfean kin wol wat mear in Fryske oanpak brûke”.
Met dit sterke en herkenbare verhaal presenteert de FNP Heerenveen haar nieuwe tweetalige partijprogramma “Grutsk” voor 2026–2030: een programma dat voortbouwt op de kracht van de gemeente Heerenveen. “Wy neame it programma ‘Grutsk’ omdat wy wirklik grutsk binne op ús gemeente,” zegt Sherco Algera, de nieuwe lijsttrekker en opvolger van Ate Eijer. “Yn ús doarpen en yn It Hearrenfean bart safolle moais. Dêr bouwe wy mei grutte oertsjûging fierder oan.”
De FNP kiest bewust voor de kracht van de eigen mienskip. “It Hearrenfean is ekonomysk ien fan de sterkste gemeenten fan Fryslân en op sportgebiet sels in foaroansteand foarbyld yn Nederlân. De partij is grutsk op de ynwenners, de doarpen en wiken, it libbene ferieningslibben én op de rike natuer en skiednis fan it âldste feankanaaldoarp fan it lân”, aldus Arjan Kloetstra die samen met Eijer en Algra het programma heeft geschreven.
Het nieuwe programma onderstreept dat de kracht van de gemeente zit in de “balâns tusken ambysje en eigenens”: groeien met beide voeten yn ’e klaai. “De FNP wol dizze Fryske identiteit en daadkracht brûke om mei-inoar fierder te bouwen oan in sterk, leefber en ferbûn Hearrenfean”.












