Algemeen

Bysûnder mausoleum Coopersburg ferbynt Amerikaanske rykdom mei Fryske identiteit

Door: Annemarie Overbeek

AKKRUM - Yn de tún fan Coopersburg stiet in mausoleum. De stichter fan Coopersburg, Folkert Kuipers, alias Frank Cooper, en syn earste frou, de Siuwske Antoinette Gerrardina de Graaff, lizze dêr sûnt 1907 yn twa moarmeren tombes. It is om mear as ien reden in bysûnder gebou. 

Coopersburg in Akkrum.
Coopersburg in Akkrum. Foto: Rudy Bouma

Op de beide sydmuorren fan it mausoleum fine we twa teksten. Ien dêrfan sitearret út de taspraak dy’t Cooper holden hat by de iepening fan Coopersburg. Dêr stiet te lêzen: 

In naam der humaniteit
Alle minsken binn’ myn broerren
‘t Grootste geluk in deze wereld is weggelegd
voor hen die anderen trachten gelukkig te maken

De Fryske rigel wurdt no stavere as: ‘Alle minsken binn’ myn bruorren’.


Fiifde fan links is Folkert Kuipers/Frank Cooper - Historie Akkrum

De Halbertsma’s

It soe hiel goed kinne dat Cooper dizze rigel by Joast Halbertsma (1789-1869) wei hat. Joast Halbertsma wie ien fan de Grouster bruorren Halbertsma dy’t de ferneamde ferhale- en dichtbondel ‘Rimen en teltsjes’ skreaun hawwe. Ien fan dy teksten yn dy bondel is it troch Joast Halbertsma skreaune gedicht ‘Fryslân’, nei alle gedachten bedoeld as Frysk folksliet. Uteinlik is lykwols ‘De âlde Friezen’, fan Joast syn broer Eeltsje, it offisjele Frysk folksliet wurden. Dêr moasten wol wat oanpassingen foar dien wurde. It gedicht is skreaun yn de earste persoan inkeltal. Pas doe’t dêr meartal fan makke wie, koe it as folksliet tsjinje.

Frysksinnich
Cooper hat it gedicht ‘Fryslân’ grif wol kinnen. Hy wie tige Frysksinnich, wat ûnder oare bliken docht út it feit dat er lid wie fan it betinkingskomitee ‘dr. Eeltsje Halbertsma’. Yn 1904 wie er oanwêzich by it ûntbleatsjen fan it boarstbyld fan Eeltsje yn Grou. Yn datselde jier is er yn Amearika ferstoarn.

Alle minsken binn’ myn bruorren
It gedicht ‘Fryslân’ begjint mei deselde tekst as dy’t op it mausoleum stiet: ‘Alle minsken binn’ myn bruorren’. At Cooper yndied ynspirearre is troch Joast Halbertsma, dan hat er in tekst keazen dy’t ek fierder hiel goed by him past. De earste beide rigels soene oer him gean kinne:

Alle minsken binn’ myn bruorren,
En de hiele wrâld myn thús;

Cooper wie ommers immen dy’t goed dwaan woe, immen dy’t each foar syn meiminsken hie. De earme âlde minsken út Akkrum en omkriten dy’t fergees yn Coopersburg wenje mochten, koene dêrfan meiprate. En hy wie yndied yn de ‘hiele wrâld’ thús. Foar him wie de wrâld al gau gâns grutter as Akkrum en Fryslân. Net om ‘e nocht emigrearre er as jongkeardel fan 22 jier nei it fiere Amearika, dêr’t er syn fortún makke mei twa grutte department stores yn Chicago en New York. By syn besites oan Akkrum reizge er mei syn famylje ek wol nei Parys.

De tekst giet fierder:
Mar it bloed yn Fryske ieren
Krûpt nei Fries en Fryslân ta,
Krûpt nei Fries en Fryslân ta.

Eefkes fierderop:
Frysk hert! Kinst hjir noch grine?
Hert, myn hert, hoe stunest sa?
Ik bin fan ’t plattelân onwennich;
Och! Ik moat nei Fryslân ta;
Och! Ik moat nei Fryslân ta.

Ek dy rigels typearje Cooper. Doe’t er dat koe, kaam er sûnt 1896 alle jierren werom nei Fryslân. As man fan de wrâld koe er him tige rêde yn Amearika, mar hy bleau Fries en Frysk. Syn woartels hat er nea fergetten. Oarsom hat Akkrum Cooper ek nea fergetten. De Stifting Akkrum Ald en Nij hâldt de regintekeamer fan Coopersburg yn eare, en de Monumentenstichting Boarnsterhim bekroadet him om it Mausoleum yn ‘e tún fan Coopersburg.

Stjerdatum
Op de foarkant fan ‘e tombes stean de berte- en stjerdata fan Cooper en syn frou. Yn 2021 wie it mausoleum ta oan in restauraasje. De tombes moasten ek restaurearre wurde. Doe ûntdutsen we dat de stjerdei fan Antoinetta net doocht. Se is net op 31 desimber 1878 ferstoarn, mar op 16 desimber 1879. Dy’t dêr mear oer witte wol, ferwize we nei it histoarysk tydskrift Fryslân, dat hjir te lêzen is:

https://koninklijkfriesgenootschap.nl/online-nummers/de-chic-van-leeuwarden/.

Besichtigingen
It is mooglik om op ôfspraak sawol de regintekeamer as it mausoleum te besichtigjen. Jo krije it prachtige ferhaal oer Frank Cooper en Coopersburg der dan op ta. Oanfragen kinne dien wurde fia stiftingakkrumaldennij@gmail.com. Besichtigingen binne fergees, mar in frijwillige bydrage foar de Stifting wurdt tige op priis steld.