Politiek Branded Content

FNP Hearrenfean kiest foar jong talint: Sherco Algera

Door: Rudy Bouma

HEERENVEEN - “Ik ha graach kontakt mei minsken en wol witte wat har dwaande hâldt” It earste dat opfalt binne de klompen by de doar. “Der rin ik it leafst op”, seit Sherco Algera. 

fnp
fnp pdfgrafie

De 26-jierrige listlûker fan de FNP-ôfdieling Hearrenfean fertelt dat er spittigernôch gjin boeresoan is. As bern wie er dêrom faak te finen by `boer Wietse’, om mei te helpen op ’e pleats. Fan trekkerriden en wurkjen op it lân waard er in bliid jonkje. Dêr ûntstie ek de leafde foar de natuer en it bûtenlibben. Sherco is derom al jierren aktief yn it faunabehear “Want It is wichtich om it lân en bygelyks de greidefûgels te beskermjen.´

Yn Jobbegea groeide Sherco op yn it gesin mei heit, mem en syn jongere broer en suster. Hy wennet no tegearre mei syn freondinne Agnes oan de râne fan it doarp, yn in wenning dy’t hja sels kochten en eigenhannich ferbouden. 

“De polityk moat tichter by de minsken stean”
Politike ynteresse hie Algera al betiid. Thús waard ek praat oer ûnderwerpen dy’t rekken oan bestjoer en mienskip. “Je kinne earne wat fan fine, mar as je riedslid binne kinne je dêr ynfloed op hawwe. De gemeente is ommers tichterby de boargers en harren leefomjouwing. ”

Op de middelbare skoalle foel syn debatfeardigens op. Foar Algera begjint dat by kennis. “Men moat foaral genôch witte fan it ûnderwerp en dan kin men argumintearje en in miening foarmje.” Agnes werkent dat fuortendaliks. “Sherco wyt altyd wêr’t hy oer praat of wol graach wite wat der spilet.” 

”Ik kom graach mei minsken yn kontakt”
Syn stúdzje Civiele Techniek folge Sherco yn dieltiid. “Ik koe de stúdzje kombinearje mei ien dei yn’e wike les yn Arnhim en de rest fan ‘e wike wurkje by in oannimmer yn Gytsjerk.”

Sûnt twa jier wurket Algera as beliedsmeiwurker foar de iepenbiere romte by de gemeente Noardeast-Fryslân. Dêr hat hy ûnderfining mei kontakten mei ynwenners en de deistige praktyk fan de amtlike wrâld. “Ik kom graach mei minsken yn kontakt en troch myn wurk ken ik ûnwillekeurich in soad minsken út ferskillende regio’s fan de provinsje. Der binne altyd ferwachtingen by boargers. Dêrnei harkje en útlizze wêrom’t besluten nommen wurde, heart ek by it wurk fan in amtner, en dat doch ik graach.” 

“Ik wol witte wat der spilet yn de doarpen
Dy ûnderfining wol hy meinimme rjochting de gemeenteriedsferkiezingen. De kommende perioade wol Algera noch mear kontakt lizze mei ynwenners, ûnder oare troch gearkomsten fan doarpsbelangen te besykjen. Meikoarten (13 maart) is der boppedat in FNP Kafee op It Hearrenfean, dêr’t ynwenners yn ‘e kunde komme kinne mei de listlûker en oare kandidaten. Mear oer it FNP Kafee op www.fnp.frl.