Cultuur en uitgaan

Toanielferiening It Heideblomke spilet komeedzje ‘De Himmelsters’

Door: Dennis Stoelwinder

JOBBEGEA - Toanielferiening It Heideblomke spilet op freed 30 en sneon 31 jannewaris 2026 it toanielstik De Himmelsters, in komeedzje fan Marcel Kragt, mei in Fryske oersetting fan Anja Steegstra.

Toanielferiening It Heideblomke spilet komeedzje ‘De Himmelsters’
Toanielferiening It Heideblomke spilet komeedzje ‘De Himmelsters’ Eigen foto

Yn dizze komeedzje folgje wy fjouwer skjinmaksters dy’t nei de simmerfakânsje wer oan it wurk geane yn in ûnderwiisynstelling. Gewoanwei dogge se dit wurk mei syn fiven, mar dizze kear ûntbrekt der ien. As bliken docht dat sy dea yn it gebou oantroffen is, slacht de skrik ta en ûntsteane der komyske en soms absurde situaasjes.

Yn it stik spylje Janneke Stelma, Nynke Bijstra, Lisette Koopmans-de Vries, Wytske Bijstra-Venooij, Maud Stelma, Marten de Vries en Kornelis Nieuwland. De rezjy is yn hannen fan Tine Bijstra.

De foarstellingen fine plak yn De Kompenije te Jobbegea en begjinne om 20.00 oere. Kaarten reservearje kin fia: toanielferieningheideblomke@gmail.com