FNP wol oanpak Bij de Leiwei Hoarnstersweach
Yn dit plan wurdt úteinset hokker wegen yn de gemeente de kommende jierren oanpakt wurde. Yn dit plan wurdt de Bij de Leiwei, de dyk lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn Hoarnstersweach, hielendal net neamt. Net foar dit jier mar ek net foar de kommende jierren. De FNP sil hjir tongersdei yn de kommisje dan ek oandacht foar freegje.

Bewenners oan de wei klaaie al in oantal jierren oer de minne tastân fan de wei en wize der op dat de wei ek de route is foar skoallebern. Net allinnich foar bern fan de basisskoalle mar ek troch bern dy’t fan út Jobbegea nei Easterwâlde fytse. Ek is de wei nei de oanpassing fan de N381 neffens de bewenners folle drokker wurden. Bewenners pleitsje dêrom foar in simpel fytspaad oan de súdkant fan de feart en grut ûnderhâld oan de wei sels.
De FNP wol fan it kolleezje in antwurd op ûndersteande fragen:
-
\t
- Is it kolleezje op de hichte fan de tanimming fan it ferkear op de Bij de Leijwei? \t
- Wit it kolleezje dat bern fan út Jobbegea dizze route kieze as it route nei it Stellingwerf kolleezje yn Easterwâlde? \t
- It it kolleezje op de hichte fan de ûnrêst by de bewenners oer de minne kwaliteit fan de dyk? \t
- Is it kolleezje it mei de FNP iens dat de Bij de Leijwei nedich oan grut ûnderhâld ta is? \t
- Sa ja, werom stiet dizze wei dan net yn it ûnderhâldsplan? \t
- Sa nee, hoe kinne we as ried en as gemeente dan útlizze dat grut ûnderhâld noch net nedich is?
-
\t
- Is it kolleezje op de hichte oer de fraach fan de bewenners foar de oanlis fan in fytspaad fan ôf Jobbegea Tredde Slûs nei minimaal de Dekamawei (8ste wyk)?
-
\t
- Is it kolleezje it mei de FNP iens dat sjoen de ûntwikkelingen op it mêd fan ferkear, de kap fan de beammen lâns de wei en ûnderhâld it tiid is foar in saneamd ‘onderhoudsproject/herinrichting” fan de Bij de Leiwei?
-
\t
- En as lêste. Hoe wurdt de ried ynformearre oer en belutsen by it ûnderhâldsplan (Verhardingen 2018) en wat binne de mooglikheden fan de ried om dit plan op koarte termyn oan te passen?













