Politiek

FNP wol dúdlikheid oer nije húsfêsting fan De Nijewier yn Tsjalbert.

Se hat hjiroer hjoed fragen oan it kolleezje stelt en wol hjirop graach in antwurd ha yn de kommisje AZ fan tongersdei 22 febrewaris.

Afbeelding
HEARRENFEAN - De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean wol dúdlikheid ha oer de mooglike nije húsfêsting fan de gearwurkingsskoalle De Nijewier yn Tsjalbert.

De Nijewier is in gearwurking tusken de CBS de Anjeliler en OBS De Nijewei en is yn 2016 oprjochte. Op it stuit sitte de skoalbern yn it tydlik gebou mar de hûsfesticht foldocht lang oan de easken dy’t hjoed de dei oan in skoalle stelt wurde.  Der wurdt sprutsen oer ferbou of nijbou mar hjiryn sit gjin skot.

Sawol it bestjoer fan Pleatslik Belang Ald Aengwirden, de MR fan de Nijewier en it personiel fan de skoalle meitsje har soargen oer de ûntwikkelingen rûnom de  plannen.

Yn opdracht fan it kolleezje is in rapport opstelt  weryn oanjûn wurdt  wat de takomstmooglikheden fan de skoalle binne. Nijbou op de lokaasje fan de Nijewier of nijbou by it MFA. Dit rapport is op 10 april presintearre en yn juny 2017 oerhandige oant ik kolleezje.  It kolleezje soe doe tasein ha dat se it rapport uterlik yn septimber mei de ried diele soe. Mar nij die tiid hat de skoalle neat mear heart. Ek is de ried oant no ta net ynformearre oer dit rapport.

De FNP hat dan ek de folgjende fragen stelt:

    \t
  • Klopt it dat op 10 april 2017 op in gearkomst troch it buro Linthorst de útkomst fan in ‘haalbaarheidsonderzoek” nei neibou of ferbou presintearre is?
  • \t
  • Wa wie de opdrachtjouwer foar it opstellen fan dit “haalbaarheidsonderzoek”?
  • \t
  • Klopt it dat de konklúzje fan dit ‘haalbaarheidsonderzoek’ is dat der nijbou by it MFA komme moat?
  • \t
  • Klopt it dat it kolleezje yn juny 2017 hjir oer ynformearre is?
  • \t
  • Klopt it dat it kolleezje yn juny 2017 oanjûn hat dat it rapport uterlik yn septimber yn de ried besprutsen wurde soe?
  • \t
  • Klopt it dat de skoalle en it kolleezje sûnt juny regelmjittich kontakt ha oer de plannen foar nijbou?
  • \t
  • Klopt it dat it kolleezje yn dit oerlis elke kear oanjûn hat dat se it rapport noch net mei de ried diele wol?
  • \t
  • Wêrom is de ried net yn dit proses belutsen?
  • \t
  • Wêrom beskikt de ried noch net oer dit rapport?
  • \t
  • Wannear kriget de ried dit rapport?
  • \t
  • En wannear nimt it kolleezje in beslút oer de nijbou/ferbouplannen fan de Nijewier?
Afbeelding