Algemeen

Berneplak ‘De Lytse Sinnestrieltsjes’ behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

De liedsters hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘bernesintrum foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Op har jierlikse simmerfeest is it sertifikaat oan har útrikt. Yn it ramt fan de sertifisearring wie it tema fan dit jier ‘Fryslân’. Der wie oproppen om de bern Fryske klean oan te dwaan en dêr hawwe de âlden har bêst foar dien. De liedsters hienen in spultsjesparcours útsetten en der wie foar alle oanwêzigen wat lekkers.

Afbeelding
NIJHOARNE - It wie feest op berneplak ‘De Lytse Sinnestrieltsjes’ fan Nijhoarne. It bernedeiferbliuw fan Mirjam Monkel en Gretha Voskuilen wurket sûnt de maitiid fan 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.

De Lytse Sinnestrieltsjes en twatalichheid

Op berpeplak De Lytse Sinnestrieltsjes wurket in tiim fan fiif liedsters. Eigners Mirjam en Gretha wurken oan it begjin fan it sertifisearringstrajekt tegearre, wylst binne Anita, Anke en Grytsje der ek. Sûnt dit skoaljier hat de lokaasje har wurksumheden útwreide; neist de 0 oant 4 groep is der no ek in pjuttegroep.

It twatalich wurkjen sjocht der as folget út: alle liedsters prate konsekwint Frysk mei elkenien. Foar beide talen is genôch omtinken by aktiviteiten as sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Lytse Sinnestrieltsjes west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: De liedsters prate op in freonlike wize mei de bern en stelle iepen fragen. De bern wurde op in positive wize stimulearre. Se hâlde derby rekken mei de leeftiid fan de bern. ... De liedsters besykje harren taal oan it nivo fan de bern oan te passen. De liedster sizze wat se dogge en beneame de dingen dy’t sy dêr by brûke.’ En:  Alles by inoar in skitterjend plak, mei folop kânsen foar bern en foar de Fryske taal, mar boppe al in sinnestriel dy’t elts dy’t dêr komt ferwaarmet!’

By it sertifisearringstrajekt krijt berneplak De Lytse Sinnestrieltsjes begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 200 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Afbeelding