Kollum Eelke Lok: Rigeltsjeneukers

Algemeen
Afbeelding

HEARRENFEAN - We tochten dat Gouden Plak Hearrenfean it ekonoamysk wol goed die. Boppedat binne de oerheidssifers de lêste jierren ek wer better.

De wethâlders, dy’t  mei in eigenwiis gesicht de begruttingen mei swarte sifers op it kleed lizze, doare selsbewust wer as listlûker op te treden foar de kommende ferkiezings. Hearrenfean rint yn Fryslân foarop. En dochs is Hearrenfean no in ekoanomyske efterstânsregio.

We bin net mear as toanielspilers. In efterstânsregio is yn Europa nammentlik in gebiet mei relatief in soad minsken en nochal wat grutte bedriuwen. Oars bin de persintagesifers net heech genôch. At je yn de noardeasthoeke fan Fryslân komme, sjoch je efterstân. Oeral wer’t de opbringsten van doarkollektes it heechste binne, is dy efterstân ommers it grutst. Dy dogge Europeesk lykwols net mei. Ljouwert, Drachten en Hearrenfean wol. Troch de Europeeske rigeltsjeneukerij wurde dy ekonomysk goed draaiende sintra de efterstânsgebieten yn Fryslân.

Sjoch, alle lânnen jouwe allegear sinten oan Europa. Under de net opskreune restriksje, dat se ek wer wat werom krije. Dus moat je al dy rigeltsjes fan Europa sá tapasse, dat se foar jo fan tapassing binne, Sa waard Fryslân yn 2018 Kulturele Haadstêd. En sa kin je dus stikken fan Fryslân yn de kategory efterstânsgebiet pleatse. Dan soenen wy it oer Anjum ha, mar dat is dus net sa. En der bin rûnom yn Europa noch folle slimmere sitewaasjes. At earne hast gjin minsken mear wenje, miskien krekt fanwege dy efterstânssitewaasje, dan kom je net yn it sicht fan de Brusselske burelen.   

Hearrenfean krijt no dit etiket opplakt. Ekonomyske efterstânsregio. No soe Hearrenfean it jild trochjaan kinne oan Anjum. Of oan doarpen yn de eigen gemeente, oan streken dy’t echt yn in efterstânssitewaasje sitte, troch wat foar reden dan ek. Mar de rigeltsjesneuker seit dat it jild der is foar bedriuwen. Undernimmers yn Hearrenfean kinne Europeeske eksploitaasje- en ynfestearingssubydzjes krije, ek al klotst fanwege de koroanahelpmiddels it jild by de plinten op. 

Dus no ha’k it idee dat ik sa’n sudsydzje ha wol om in nij bedriuw op te rjochtsjen dat as doel hat om de Europeeske rigeltsjes ferdwine te litten.

Eelke Lok