Kollum Eelke Lok: Earste

Algemeen
Afbeelding

HEARRENFEAN - Hearrenfean is earste. Nee, net yn fuotbal. Dat wie foar it oaren ferrekte tryst. At je wedstriden sûnder publyk ha is it himeltergjend om op de telefyzje te sjen dat se dan in flitsende ljochtshow ha at de spilers op it fjild komme. 

Foar wa is dat? En it alderslimste wie dat it folksliet dêrnei spile waard yn dat lege stadion. Dat is sa ridikuul, dat je de wedstriid daliks al ferlern ha. Mar efter dy burootsjes krije se in orgasme dat se Joey Veerman ferkocht ha, dan kin se wer in jier ûntkinne dat se miljoenen eksploitaasjeferlies ha.  

Mar goed, de gemeente Hearrenfean hat wol wat wûn. Earste yn de kompetysje fan de Fryske gemeenten wa’t persintsgewiis de measte nije ynwenners der by krigen hat. Yn Hearrenfoean bin der foarich jier 400(!) minsken bykaam. It grutste sukses dêrfan is dat der blykber foldwaande wenten beskikber wienen, dat moat sa’n 300 west ha. Hoe’t se it dien ha wit ik net, mar der wie plak.

No bin de measte gemeenten ek útwreide, hear. Utsein Drachten, wa wol dêr noch hinne? Mar foar it earst waard it dúdlik yn de sifers dat krimp gjin Frysk wurd mear wêze hoechd. We stiene as provinsje boppeoan op de krimplist, mar dat hat eins mar in healjierke sa west. Der stiene bygelyks yn Holwerd sa’n tritich hûzen leech, der kamen plannen en hup, alles wie ferkocht.  

No moat we ek net, krekt as we wol dogge at de Hearrenfeanfuotballers ien kear lykspile ha, trochslaan. Want dat dogge we at we yndied  45.000 hûzen delsette, wêr at dan dy net nedige Lelytrein nei Grins lâns stoue kin. Lokkich ha we wer in hillige fûn dy’t dat mei ús iens is. Architekt Sjoerd Soeters. Hy skynt ferneamd te wêzen, mar hy is yn elk gefal ferstannich. Wreidzje út nei je skaal, en sparje it Fryske lânskip dat net fertuteazje mei fanwege heechbou hûzen, flats neamden wy dy eartiids. Want dan krij we gau wer krimp. Wêr’t de skiedsline leit? Ach, lit dêr de polityke partijen foar de kommende ferkiezingen marris oer hottefylje.   

Eelke Lok