grootheerenveen

De flater fan lytse Ljibbe

Ljibbe de Vries út De Wâlden hie de bynamme fan ‘lytse Ljibbe’. Hy wie fan postuer in tige lyts en smel mantsje; swier arbeidzje liet syn lichem net ta en sadwaande hearde hy ta it gilde ‘negoasje keaplju’. Ljibbe wie troud mei Rinske, mar elk neamde har ‘Ljibbe-Rins’. As je sprekke kinne fan ‘wat en halfwat’, dan jilde dat wol foar Ljibbe mei in gewicht fan noch gjin sechtich kilo en Rinske mei sawat it dûbele dêrfan.

Afbeelding

It negoasje gilde kwânsele ek wol in heap ûndermekoar en sadwaande wie it húske fan Ljibbe en Rinske in plak fan oanrin foar dat soart keaplju, foaral fan de Westereeners. As Ljibbe ris trammelant hie mei syn negoasje en in Westereener wat te bot opspile, dan wie Rinske der mei in grutte feger dy’t se, nei’t wolris sein waard, fakkundich oer in balstjurrige Westereener fage yn stee fan oer de flier. Yn dy tiid wie it in striid om mei sokke negoasje in drûch stik brea te fertsjinjen. De tonge moast dan op it goede plak sitte en de earlikens mar wat ferskûle efter it festjebûske.

It barde ris in kear dat Ljibbe op de grutte merk yn Grins in twaddehânsk pak klean koft, dêr’t er by it neisjen in pakje papierjild yn fûn. Briefkes fan tsien, tweintich en ek noch in pear fan hûndert gûne. Hy naam it jild der daliks út, mar hy liet in pear lytse briefkes der yn sitte. Ljibbe prate nearne oer. Hy hie altyd fan gewoante dat er by in herberch by it stasjon oanstuts. Dat wie sawat it stamkafee fan it negoasje folk en dêr wiene fansels ek de opkeapers te finen; mei elkoar yn in rûntsje en oan swetse en lige gjin gebrek. Ljibbe helle it twaddehânsk pak foar it ljocht en Henk, in opkeaper út Eastermar bea jild. “Soest it dûbele der wol oan winne wolle, hè? Mar besjoch it”, andere lytse Ljibbe. “En ik alles ôfswalkje om sa’n bêst pak yn hannen te krijen. Do wolst sawat in foddepriis jaan, mar besjoch it mar ris goed.” “Dan moat ik der mei nei bûten,” andere Henk, “mar do fertroust my wol net?” “Och hearken,” sei Ljibbe, “ik fertrou dy al myn guod wol ta en myn wiif der by.” 

Henk wie ris in kear net te sprekken oer in hanneltsje mei Ljibbe en easke dêrom jild werom. Mar doe waard er troch Rinske mei de grutte feger de doar út reage. Dêrfandinne it sechje fan Ljibbe dat er oan Henk syn wiif wol tabetroude. Henk gie mei it pak nei bûten en fûn sa ek de jildbriefkes. “Ai,” tocht Henk, “dêr wit dy lytse smjunt neat fan, dêr is er te dom foar. No sil ik him ris te fiter ha!” Henk gie wer mei it pak de herberch yn en sei: “It foel my bûten in hiel ein ta en do silst dyn sin ha.” Hy bea mear as it dûbele as dêr’t Ljibbe it pak foar koft hie. “Mar,” gie Henk fierder, “gjin argewaasje mear efternei en ik keapje en betelje dy daliks it pak sa as ik it no yn ‘e hannen ha. Mar no moat ik fluch nei hûs ta jonges.” En Henk sette mei it pak ôf nei Eastermar.

Dit spile him allegear koart nei de befrijing ôf, doe’t alles noch krap wie en de drank yn de foarm fan in swart slokje in ryksdaalder jilde. Henk wie noch mar krekt de doar út as Ljibbe sei: “Ik jou in rûntsje”, dat him yn ien klap tritich gûne koste. “Ja,” sei Ljibbe, men moat ferstân fan hannel ha, dan kin it ek ris in rûntsje lije.” Djoere slokjes. 

No wie it sa dat Ljibbe der foar troch gie sa dom as in baarch te wêzen wat de hannel oanbelange. Se wiene allegearre mei stommens slein doe’t Ljibbe sei: ‘Ober, noch in rûntsje foar myn rekken, wy kinne op ien poat net gean.” Dat betsjutte al wer tritich gûne. “Earst mar efkes ôfrekkenje”, tocht Ljibbe, want de ober makke alris in gebeard dat foar Ljibbe net mis te ferstean wie. Om no sjen te litten dat er ek noch wol in tredde rûntsje betelje koe, helle er in briefke fan hûndert gûne, dat er yn it pak klean fûn hie, foar it ljocht. Mar wat noch Henk, noch lytse Ljibbe opmurken hie, mar de ober daliks sjoen hie, dat it in saneamd briefke wie fan Lieftinck: in swart briefke, net ynlevere en dêrtroch weardeleas. 

Om Ljibbe net alhiel foar skut te setten moast er efkes mei de ober út de wei en doe krige Ljibbe tekst en útlis. Lokkich koed er mei oar jild  it saakje wer lyk meitsje. Doe’t er wer by syn maten kaam, sei Willem daliks: ‘Efkes út de wei krûpe, hè? En noch gau in pear efteroerslaan dysto ús mei dyn bûsfol jild misgunste.” “No nee,” andere Ljibbe, “mar de ober mocht ek wol ien en dat woe er jimme leaver net sjen litte fanwege syn funksje.” Sa waard Ljibbe syn flater net iepenbier. 

Yn de oarloch wie der in protte swart jild. Alle jild waard nei de oarloch ûnjildich ferklearre. Minsken krigen foar harren ynlevere jild oar jild yn it plak, as se oantoane koene hoe’t se der oan kaam wiene. Lieftinck wie doe de minister fan Financiën.

Boarne: Lit ús tinke oan âlde tiden fan D M v/d Woude. Fotobewurking Janke.