FNP wol fan it kolleezje witte oft der by de útkearingen yn de gemeente Hearrenfean fouten makke binne

HEARRENFEAN - De FNP fraksje yn de gemeente Hearrenfean hat noed oer de berjochten yn de parse oer fouten dy’t makke binne by de útfiering fan de “bijstand”.

Unterjochte soe der beslach lein wêze op útkearingen.  Neffens de berjochten giet it om 10.000 oant 15.000 minsken yn 200 gemeenten dy’t tsientallen euro’s yn de moanne minder krije as wêr’t se rjocht op hawwe. 

De FNP wol fan it kolleezje witte oft der by de útkearingen yn de gemeente Hearrenfean fouten makke binne en hoe oft dit oplost wurde kin en hat de folgjende fragen oan it kolleezje stelt;

  • Yn it artikel wurdt sprutsen oer 200 gemeenten. Is de gemeente Hearrenfean ien fan dizze 200 gemeenten?
  • Sa ja, om hoefolle dupearden giet dit yn Hearrenfean?
  • Wat sil en kin de gemeente Hearrenfean der oan dwaan om der foar te soargjen dat dizze minsken wol it jild krije wêr’t se rjocht op hawwe?
  • Op hokker termyn kinne de dupearden har jild dan werom ferwachtsje?