FNP Hearrenfean hat noed oer de mienskip foarsjennings yn de doarpen

HEARRENFEAN - FNP Hearrenfean hat noed oer de mienskip foarsjennings yn de  doarpen lykas de doarpshuzen en, sportferienings. 

No ‘t enerzjy prizen de panne út rize hat it ryk wol each foar partikulieren en komt sy de minsken mei de leechste ynkommens yn ‘e mjitte. Mar foar de mienskip foarsjennings lykas in doarpshûs, de kantines fan sportferiening of in museum is neat regele. Mei de hjoeddeistige prizen sille dit soarte fan mienskip foarsjennings it net oerlibje. FNP Hearrenfean  stelt yn ‘e riedsgearkomste fan 22  septimber hjir fragen oer. 

OVEF

Fryske gemeenten keapje harren enerzjy yn by GAZPROM fia de OVEF.  De OVEF (Koöperaasje Iepenbiere Ferljochting & Enerzjy Fryslân U.A.) fersoarget fanâlds de ynkeap fan enerzjy en it duorsum meitsjen dêrfan foar har leden en ôfnimmers. Yn de LC fan saterdei wurde meld dat dizze regeling, yn elts gefal dit jier, bestean bliuwe kin en dat de Fryske gemeenten it kontrakt mei GAZPROM net op hoecht te sizzen. In besparring fan 2 miljoen yn dit jier.

Njonken de gemeenten binne ek oare ôfnimmers û.o. stiftings, it Frysk Museum en Tresoar oansletten bij OVEF. . Foardiel fan ôfnimmer wêze by de OVEF is dat der skerp ynkocht wurdt en dêrnjonken wurdt de ôfnimmer meinommen yn it proses fan duorsum meitsjen. FNP Hearrenfean wol û.o. graach witte oft der ek mooglikheden binne foar doarpshuzen, museums, sportferienings en oare mienskip foarsjennings om harren oan te sluten by de OVEF en dat hjirmei ek dizze organisaasjes profitearje kinne fan it kontrakt dat troch de OVEF sletten is.

Yn de riedsgearkomste fan 22 septimber sil de FNP Hearrenfean de folgjende fragen stelle:

•             Binne der ek mooglikheden om de doarpshuzen, musea, sportferienings, ensfh. yn ús gemeente ek as ôfnimmer fan de OVEF oan te merken?

•             Sa ja; welke en op hokker termyn soe dit dan te realisearjen wêze?

•             Sa net; hokker mooglikheden sjocht it kolleezje dan om skerp enerzjy yn te keapjen foar de neamde doarpshuzen, sportferienings, biblioteken en musea?

  • Welke rol kin it kolleezje dêryn betsjutte?