Sneon yn Fryslân: Werom nei Simmer 2000

FRYSLAN - Simmer 2000: It waard in begryp yn ús provinsje. Oer de hiele wrâld wei kamen Friezen dy simmer wer werom nei it Heitelân.

Mear as 270 doarpen en stêden kamen yn beweging. De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens, Maaike Schuurmans en Albert Bonnema foarmen it muzikale hert fan Simmer 2000. Trije wike lang stie ús provinsje op syn kop. Trije wike lang foarme Fryslân it sintrum fan de wrâld, seker foar al dy emigranten dy’t werom kamen. Sa krige de simmer fan 2000 in magyske klank, dy’t no, 20 jier letter noch altyd neiklinkt.

 

Yn de simmer fan 2020 sjocht Omrop Fryslân werom op dy magyske simmer fan 2000. Acht wiken lang stiet Simmer 2000 sintraal yn it programma Sneon yn Fryslân. Op sneon 11 july begjint it feest mei in lokaasje-útstjoering yn Boazum. Dêrnei giet Omrop Fryslân alle wiken de provinsje yn foar ferskate reportaazjes en wurde gasten ûntfongen yn de studio. En wat der de lêste sneon 29 augustus barre sil? It soe samar spektakulêr en muzikaal einigje kinne. Sneon yn Fryslân: Werom nei Simmer 2000. Fan 11 july oant en mei 29 augustus, alle sneonen fan 13.00 oant 18.00 oere by Omrop Fryslân.

 

De weromblik op Simmer 2000 is ûnderdiel fan Simmer yn Fryslân by Omrop Fryslân. Want dizze simmer wurdt in échte simmer yn Fryslân. Mei oandacht foar it keatsen, it skûtsjesilen, in hiel soad simmerske muzyk en radio en telefyzje op lokaasje.

 

Yn de útstjoering fan sneon 11 july:

-     Henk Kroes, boechbyld fan Simmer 2000. Kin as gjin oar it byld fan 20 jier ferlyn werom helje.

-     Hylke Speerstra, de earste foarsitter. Ek auteur fan It Wrede Paradys. In boek fol mei (soms dramatyske) ferhalen fan Fryske folksferhûzers.

-     Meindert en Romy Pasma, yn 2000 de útbaters fan De Boazumer Mjitte. Sitte fol ferhalen.

-     Johan Wagenaar, makke in Facebookside oer alle emigranten fan doe.

-     Muzikale bydrages binne der fan Eddy Dijkstra en Griet Wiersma.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Heerenveen

Wees loyaal – aan onze vrienden