Lida Dykstra in jier langer Berneboeke-ambassadeur Berneboekeskriuwer

Foto argyf Afûk

SNITS- Lida Dykstra sil ek yn 2022 Berneboeke-ambassadeur wêze. Omreden fan it útfallen fan skoalbesites en oare aktiviteiten yn it ôfrûne koroanajier is yn oerlis mei Boeken fan Fryslân besletten dat Lida Dykstra har wurk as Berneboeke-ambassadeur in jier langer fuortsette kin.

Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra sels dêroer: “Ik fyn it prachtich dat ik noch in jier langer de kâns krij om as Berneboeke-ambassadeur lêswille te fersprieden. It is sok moai wurk: foarlêze, prate mei de bern, skriuw- en lêstips jaan, mei de hiele groep in ferhaal ymprovisearje. As in bern nei ôfrin freget: ‘Tinkt Lida dat ik dit boek ek yn de biblioteek liene kin?’, of ‘Juf, meie wy fan ’e middei ferhalen skriuwe?’, dan wit ik daalk wêr’t ik it foar doch.”

Marytsje Flapper, direkteur fan IKC Sint Ludgerus yn Warkum seit: “Lida ferstiet de keunst om bern mei te nimmen yn it ferhaal. De bern wolle graach fierder yn ’e boeken dêr’t se oer ferteld hat yn ’e klasse. Se hat sawol de jongsten as de âldere bern fan ús skoalle op ’e nij entûsjast krigen foar Frysktalige boeken.”

Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Heerenveen

Wees loyaal – aan onze vrienden