Lêzing Hylke Speerstra yn Museum Heerenveen

IT HEARRENFEAN - De Fryske skriuwer Hylke Speerstra hâldt op sneon 17 oktober in lêzing oer syn boek 'Op klompen troch de dessa'. Yn it ramt fan de Moanne fan de Skiednis fertelt hij oer de ûnderfinings fan mannen út Fryslân. 

Speerstra docht syn ferhaal yn it frysk, om 15.00 oere yn Museum Heerenveen. Opjefte yn it foar is verplichte.

‘Op klompen troch de dessa’ is in oangripende ferhalebondel oer de ûnderfiningen fan jonges fan it Fryske plattelân dy't nei Indië moasten. De jonges fan doe binne mannen fan fier boppe de tachtich. Speerstra heinde harren ferhalen en lei se fêst foar de takomst. Harren wierheid is hurd, somtiden ferbjusterjend en oangripend. De bleue jonges fan it Fryske plattelân waarden de guerrilja en eksekúsjes ynsleept.

Speerstra's boek, dat ek yn it nederlânsk útjûn is, hat tegearre mei in pear resinte stúdzjes en públikaasjes soarge foar in breed nasjonaal ûndersyk nei wat der mis gie foar en tidens de dekoloanisaasjeoarloch. Speerstra fertelt hjoed oer de ûnderfinings fan de mannen út dizze regio.

De lêzing yn Museum Heerenveen oan de Minckelersstraat 11 wurdt yn gearwurking mei de bibleteek organisearre en sil oant omtrint 17.00 oere duorje.  Kaartsjes binne foar € 7,50 te keap yn de bibleteek of fia www.bmf.nl/speerstra. Kofje of tee is fergeefs.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Heerenveen

Wees loyaal – aan onze vrienden