Johan Veenstra wint Rink van der Veldepriis 2020

Foto Henk van der Veer

LJOUWERT- Skriuwer Johan Veenstra fan Nijeholtpea hat de Rink van der Veldepriis wûn. Hy krijt de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi'j. It is foar it earst dat de priis takend wurdt foar in boek dat yn in streektaal skreaun is. Veenstra skriuwt yn it Stellingwerfsk.

 

Om yn oanmerking te kommen foar de priis, dy't alle twa jierren útrikt wurdt, moat in boek skreaun wurde yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen, moat it oanslute by it wurk fan Rink van der Velde en moat it in breed lêzerspublyk oansprekke. Dat docht Veenstra dus, fynt de sjuery, dit bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma.

Veenstra droech seis jier lang hast alle wiken in ferhaal foar by Omrop Fryslân, ûnder de namme Stellingwerver Stiekelstokkies. Hy skriuwt ek kollums foar de Ljouwerter Krante. Fan 2001 oant 2010 die er dat ek al. Veenstra is de opfolger fan Willem Schoorstra, dy't twa jier lyn de priis wûn. Twa jier dêrfoar gong de priis nei Anne Feddema.

De gemeente Smellingerlân jout Veenstra in byldsje fan keunstners Anne en Roelie Woudwijk kado. De Stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) stelt 2.000 euro beskikber.

De priis wurdt op 28 oktober útrikt yn De Lawei yn Drachten.

 

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Heerenveen

Wees loyaal – aan onze vrienden