Fjouwer nije aventoeren fan Tomke!

LJOUWERT- By de Afûk binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd. Foar alle seizoenen hat Geartsje Douma in moai ferhaal op rym skreaun. Luuk Klazenga soarge foar de oansprekkende yllustraasjes.

Yn ‘Tomke en de bijen’ is it maitiid. Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.

Yn ‘Tomke op fakânsje’ it it simmer. Tomke sil mei Romke en Kornelia op fakânsje. Se ride nei de camping. Dêr is fan alles te sjen en te dwaan. Mar it moaiste is fansels it sliepen yn in echte tinte.

Yn ‘Tomke nei de bosk’ is it hjerst. Yana Yu komt mei in pear pompoenen by Tomke. Dêr kinne se it hús moai mei fersiere! Kornelia nimt harren mei nei de bosk om noch mear moais te sykjen. Bledsjes, ikels, kastanjes… Wat in moaie kleuren! Wat kinst dêr allegear mei dwaan?

Yn ‘Tomke op it iis’ is it winter. Der leit iis op ’e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op ’e stoel sitte?

De boekjes binne by de Afûkwinkel yn Ljouwert of op websjop.afuk.frl te keap foar mar € 6,50 it stik, óf meielkoar yn in stevige hoes foar € 25,00. En spesjaal foor alle Bildtse kines is ‘t boeky út de nije Tomke-sery, Tomke en de bijen, ók in ’t Bildts te krijen!

It Tomke-projekt

Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten yn it Frysk. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes dwaan en omtinken jaan oan de deistige dingen binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

Sjoch op www.tomke.frl foar mear ynformaasje oer it Tomke-projekt.

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Heerenveen

Wees loyaal – aan onze vrienden