De nijste dichtbondel fan Arjan Hut is der

LJOUWERT- Bij de Afûk is de nijste dichtbondel fan Arjan Hut ferskynd.

ljocht waarmer as fjoer,

ljocht yn it ljocht,

ljocht dat fielt dat wy besteane,

ljocht dêr’t we yn wenje kinne

In fjoerkoer, de moanne, krystferljochting yn in kafee, de flits fan in fototastel, in skittering yn eagen, elektryske lampen, in bioskoopskerm… oeral yn it tsjuster fan dizze bondel dûkt ljocht op.

Gauris liket it in beaken, of bringt it as in spotljocht sênes nei foaren, lykas de eksekúsje fan Johannes de Doper op it skilderij fan Caravaggio yn ‘Midsimmer moardzjen’.

Author : Arjan Hut

ISBN : 9789493159389

New label : 1

Pages : 71

Language : Frysk

Publisher : Afûk

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Heerenveen

Wees loyaal – aan onze vrienden