“Piet wie Piet, him kinne wy nea ferfange”

Algemeen
Foto: Omrop Fryslân, Raynaud Ritsma
Foto: Omrop Fryslân, Raynaud Ritsma

LJOUWERT - Fannemiddei presintearre Ingrid Spijkers, haadredakteur fan Omrop Fryslân, de nije ynfulling foar it waar op de Omrop. “Piet wie Piet, dat kinne wy nea ferfange”, begjint Spijkers. “Wy wolle wol graach in oare, nije ynfulling jaan oan it waar. En dat dogge wy aanst mei meardere waarpresintatoren.”

Jan Jonkman (66)
Ien dêrfan is al bekend by de Omrop, Jan Jonkman: “Piet frege my in kear om foar him yn te fallen doe’t hy op fekânsje gie. Hy belle woansdei en sei dan: ‘Do kinst it wol efkes dwaan.’ En dan moast ik it freeds presintearje.” Jonkman syn passy foar it waar komt troch syn wurk. “Ik wie altyd boer en dan is it waar wichtich.” Rûn 1985 waard it waar hieltyd wichtiger foar Jonkman. “Ik haw ballonfaarder west en dêr hie ik waarûnderfining foar nedich.” Dus folge hy kursussen by de Meteorologische Dienst fan Schiphol.

Tjitske Wiebenga (37)
In nij gesicht by de Omrop is Tjitske Wiebenga. Sy hie as bêrn al in fassinaasje foar it waar. “Dan siet ik foar it rút at it tongerde. Myn âlders fûnen dat wol wat núver.” Hoe âlder at sy wurdt hoe mear sy witte wol fan it waar. En no mei Wiebenga it waar presintearje foar Omrop Fryslân. Earst foar de radio en letter dit jier ek foar tillefyzje.

Presintatoren yn oplieding
De oare presintatoren hawwe noch gjin gesicht. Roland van der Zwaag - eigner fan Weerexperts: “Der binne no in oantal minsken by ús yn oplieding. Sadra sy klear binne, kinne wy dêr mear dúdlikheid oer jaan.”

Tjitske is kommende snein foar it earst te hearren op de radio fan Omrop Fryslân.

In koart foarstelynterview fynst hjir: 
https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1152869/tjitske-wiebenga-en-jan-jonkman-bringe-tenei-it-waar-yn-de-fryske-huskeamers