Fugelwacht Heerenveen - Oranjewoud bestiet 60 jier

Algemeen
Afbeelding

HEARRENFEAN - De fûgelwacht Heerenveen/ Oranjewoud is oprjochte yn 1961 en bestiet dit jier dus 60 jier. 

In feriening mei krapoan 600 leden. Oansletten by de BFVW ( Bond van Friese Vogelwachten) Fanwege de corona ha we oan dit jubileum  net al te folle oandacht jûn. Mar ek mei fanwege it feit dat it bestjoer aardich úttinne is. We ha gjin  foarsitter en ek  gjin  neisoarchkoördinator mear. Dan  bliuwe allinnich de penningmeester Henk Mulder en ik, Lutske Visser  as sekretaris noch oer as bestjoer. En dat is te min om troch te gean.  Fansels is dat by mear ferieningen it gefal.  De fergrizing slacht ek yn ús klup ta .Mar it wol my net oan dat dit de reden wêze sil dat de fûgelwacht ophefen wurdt. Der bin neffens my  noch safolle minsken dy’t de greidefûgels en de nestkastfûgels in waarm hert tadrage.  Júst  yn de coronatiid ha in protte minsken de natoer wer ûntdekt. Dêr binne fêst wol minsken tusken  dy’t  ús as bestjoer helpe wolle.   Wy wolle dan ek foaral  in oprop dwaan oan de jongere minsken  om bestjoerslid te wurden fan de fûgelwacht.  Dan graach kontakt opnimme  mei:  secretaris@vwho.nl  Ek om lid te wurden. Foar 7,50 euro it jier bist al lid fan ús fûgelwacht.

WAT DOCHT DE FUGELWACHT:

NEISOARCH FAN DE GREIDEFÛGELS :

De fûgelwacht docht yn it briedseizoen tegearre mei de neisoargers   de nêstbeskerming fan de greidefûgels.  Yn gearwurking  mei de boer wurde de nêsten markeard,  registreard  fia in app en beskerme.  Dêrneist ha we ek in pilot mei wyldkamera’s om de predatoren fêst te lizzen. Dit om ynsichtlyk te krijen hokke predatoren  fan de greidefûgels der binne.  It oantal greidefûgels giet spitich genôch al jierren achterút.  Dizze sifers kinne ús moogelik helpe om te sjen nei oplossingen foar in bettere stan fan  de greidefûgels. De neisoarchkoördinator koördineert tegearre mei it bestjoer  dizze saken. Dit jier liket it nei jierren fan achterútgang in goed jier te wurden foar de greidefûgels. In wiet en kâld foarjier liket de greidefûgels goed te dwaan. In neisoach -koördinator is hjir in belangrike skakel yn. 

BRIEDSOARCH NESTKASTJES:

Op ferskate plakken yn Hearrenfean en Oranjewâld hingje nestkasten dy’t troch de leden sels makke binne. Se wurde elk jier wer skjin makke en sanedich reapareard.   Yn it briedseizoen  wurde  se kontroleard  op aaien en jongen. Ek hjirby wurde de briedresultaten fia een app registreard. Yn 2020 binne der yn it kader fan de eikenprocessierupsbestrijding in soad nestkastjes bykaam.  Oan de Burgemeester-Falkenawei hingje in hiele rige nestkastjes  en dizze binne goed beset. Troch mear nestkastjes rûnom yn de gemeente helpe we sa mei oan it bestriden fan de eikenprocessierups. Om de stienmurd te slim ôf te wêzen binne op guon nestkastjes in marterblokje foar de yngong pleatst. De fûgels ha der gjin lêst fan mar de stienmurd syn poatsjes binne no krekt te koart om by it nêst te kinnen.   De  briedsoarchcoördinator coördineert tegearre  mei it bestjoer dizze aktiviteiten.

WINTERVOEDERING: dit jier moasten we yn febrewaris wer ris los om ferskate wetterfûgels fretten te jaan. Troch it iis en de snie koenen foaral de wetterfûgels gjin fretten fine. It fretten wie tige wolkom by de fûgels.

DE  IERDSWEL: Yn it gebiet tusken de A7 en de A32  beheare we in stik natoer wêr’t we in swellewand ha foar de ierdswellen.  Ierdswel is it fryske wurd foar oeverzwaluw. Elk jier wurde de besette swellegatten wer leech makke en opnij fuld mei sân.  Sadat se wer klear binne foar  in nij briedseizoen. De ierdswel graaft it gat wer út en makket syn nêst dêryn. Yn dit gebiet ha we noch mear plannen sa as it pleatsen fan in kijkwand en it meitsjen fan in eilântsje yn it wetter. En it pleatsen fan in ynformaasjeboerd.  Ien fan ús leden ûnderhâldt dit gebiet mei leerlingen fan it Nordwin College. Bûten it briedseizoen is iderien wolkom om hjir  ris te sjen.

FACEBOOK:

Op ús Facebookpagina  -Vogelwacht Heerenveen/Oranjewoud – stean regelmjittich mooie foto’s. Sjoch mar ris.                                                                                                                                          Om lid te wurden of as‘t  ús bestjoer fersterke wolst graach kontakt opnimme mei de sekretaris Lutske Visser fia: secretaris@vwho.nl