Column Eelke Lok: Gefoel

Algemeen
Afbeelding

COLUMN - Fuotbalsender ESPN makke fan’t simmer in tige aardige dokumintêre oer it Fryske gefoel by de sc Hearrenfean. 

Ik mocht, lykas altyd relatifearjend, dêryn sizze dat gâns oare fuotbal- en sportferienings ek sa’n pompeblêddesjirtsje oan ha at se yn it fjild steane. Dus net oerdriuwe. De Blauhúster Dakkapel kaam dêr dan ek net yn fanwege harren pompeblêddesjirtsje, mar omt se it Frysk folksliet spylje foarôfgeande oan elke túswedstriid. Dan stean der, en dat is net oerdeaun, gâns minsken mei triennen yn de eagen op de tribune. Sjoch mar hoe’t soks optheden by wrâldkampioenskippen giet; nasjonalisme gedijt wer. Frysk gefoel. Wichtich, dêrmei bin wol wedstriden wûn.

Wit it hjoeddeiske sc Hearrenfean dat wol? Alle âlde lju dy’t dêr wurken, al as net as frijwiliger, binne ôffierd. Alle nije bestjoerders en wurknimmers komme earne oars wei; ha gjin Frysk gefoel. De jonges fan Radio Camataru ha dat noch wol. Se wolle tribunes nei Riemer en Foppe neame. Dat fine dy Hollanders bêst, dat sil ek barre. Want dan liket it krekt as harkje se yngreven nei dy mannen. Dat is lykwols net sa.

Sc Hearrenfean hat gjin Frysk gefoel. En gjin sinten. Se krigen yn coronatiid in foarskotsje fan in miljoen, mar dat woene se net wêrom betelje oan Sportstad. Frjemd, want se bin dêr sels oandielhâlder fan. 

Dat kin net. Un-Frysk. Wy bin net sa. Ofspraak is ôfspraak. Mar wat barde der? Nei trije moannen seure fia de media praten se mei elkoar en ynienen sprutsen se dochs deselde taal. Mar, en dat is wer hiel ûn-Frysk, se fertelden ús net wat se útfûn ha. No is dat maklik, hear. Sportstad kin fanwege de eksploitaasje net sa mar in miljoen weidonderje. Hearrenfean kin it net mear betelje, want dan moat se Siem de Jong ferkeapje. Dus hat de gemeente betelle. Ik skat yn in heal miljoentsje, mar oerheidsjild ha we no ienris gjin sicht op. 

It eardere Hearrenfean mei gefoel rêdde himsels. Seurde sels wolris oer dat de gemeenten guon kollegaklubs sa yngreven stipen. It nije Hearrenfean wurdt betelle troch de gemeente. Eeeh… troch ús dus! Mar wy ha dochs Frysk gefoel?

Eelke Lok