Theatergroep Fjoer te gast in Alzheimer Café
Het programma begint om 19.30 uur. Het Alzheimer Café is bedoeld voor mensen met dementie, hun partners, familieleden en hulpverleners. De organisatie is een samenwerkingsproject van Alzheimer Nederland, Meriant, Zorggroep Sint Maarten (Mariënbosch), ziekenhuis Tjongerschans, Gemeente Heerenveen.

Deze editie is Theatergroep Fjoer te gast. Zij spelen de voorstelling Hjerst.
Teatergroep FJOER oer de foarstelling ‘Hjerst’ De foarstelling ‘Hjerst’ folget it tema fan âlder wurden en ferjitlikens. In tema wat him in protte om ús hinne ôfspilet. It is om dy reden dan wy dizze tragikomeedzje net allinne foar eigen publyk spylje wolle, mar ek oanbiede wolle oan minsken, dy’t hjir as fersoarger of op in oare wize mei te meitsjen ha.
Wêr giet HJERST oer? Elk jier bringe Herman en Paulien van Beem yn de hjerst in pear dagen troch yn it simmerhúske fan syn broer. It jierlikse útstapke is in fêst beaken yn harren oardere bestean. Yn wat nei alle gedachten harren lêste hjerst yn it húske wurdt (mynhear van Beem wurdt nei syn pensjoen pleage troch stimmingswikselingen en betizing) sjocht it pear werom op in lang net altyd even maklik ferrûn houlik.De tiid dat se elkoar definityf loslitte moatte, komt yn sicht. Mar hoe dogge je dat nei hast fyftich jier tegearre?
Rezjy: Afke Toren Spilers: Baukje Stavinga en Jelle Terwal Lûd en ljocht: Sieger Rinsma













